Friezinnen nei Lesbos om flechtlingen te helpen

07 sep 2015 - 11:30

Twa Friezinnen sille takom wike nei Lesbos om boatflechtlingen te helpen. Anke-Marije Piebenga út Akkrum en Marianne Hoekstra út Nes reagearren op in oprop fan Stichting Bootvluchteling. Beide froulju hawwe in medyske achtergrûn. Piebenga is kreamhelp. Se sammelet molkepoeier yn foar lytse poppen dy't oankomme op it Grykske eilân. Se memmen helpe mei boarstfieding.

De froulju stappe op 18 septimber yn it fleantúch. Se bliuwe in wike op it eilân. Yn it programma Bynt fertelt Anke-Marije moandei wat har derta bringt om nei Lesbos te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)