Friezinnen by nasjonale alve

19 aug 2006 - 10:48

De 16-jierige Sherida Spitse út Snits is opnaam yn de seleksje fan it Nederlânsk froulju's fuotbalteam. De ferdigenster spilet op it stuit foar VV Sneek en kaam earder al út foar Oranje ûnder de 17.

It Nederlânsk alvetal moat it op 31 augustus opnimme tsjin Ingelân foar in plakje op it WK takomen jier yn Sina. Ek keepster Loes Geurts fan Boalsert hat in plakje krigen yn de foarriedige seleksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)