Friezinne wint WK kitebuggy

02 okt 2010 - 16:53
  • Carien van der Meulen

Carien van der Meulen (21) út Boalsert is sneon wrâldkampioen kitebuggy wurden. Sy is de earste Nederlânske frou dy't dizze wrâldtitel wint.

Kitebuggy wurdt mei in kite en oan in buggy op trije tsjillen dien. De buggy wurdt mei de fuotten bestjoerd en de kite mei de hannen. By it racen kin hûndert kilometer yn de oere helle wurde. Oant no ta waard de sport dominearre troch Dútske froulju. Carien Van der Meulen waard earder al twadde en tredde op in WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)