Friezinne Sakefrou fan Noarden

31 okt 2012 - 07:25
  • Bertine van den Berg, noardlike sakefrou fan 2012

Bertina van den Berg (41) út Grou is tiisdeitejûn yn Grins útroppen ta Sakefrou fan it Noarden 2012. Van den Berg krige de priis omdat neffens de sjuery har bedriuw Berino in unyk konsept hat. Berino is spesjalisearre yn hierwurken, boarstprotezes en linzjery foar kankerpasjinten.

Van den Berg begûn sawat tweintich jier lyn in kapsalon yn har wenplak. Neidat in famyljelid ferstoar oan kanker, ûntstie it idee foar Berino. Neffens de sjuery falt dat ek op troch de goede soarch foar de klanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)