Friezinne helpt flechtlingen yn 'jungle' fan Duinkerken

04 feb 2016 - 13:35
  • Samantha van Urk
  • Yn it kamp sitte sa'n 3.000 yllegale flechtlingen, foaral Koerden
  • It yllegale flechtlingekamp by Duinkerken

De 23-jierrige Samantha van Urk fan Skylge bivakkearret al in moanne yn de saneamde 'jungle' fan Duinkerken. Dy jungle is in yllegaal flechtlingekamp mei sa'n trijetûzen foaral Koerdyske flechtlingen, dy't hoopje dat se op in dei oerstekke kinne nei Ingelân. De flechtlingen ferbliuwe dêr yn tinten yn de modder yn primitive omstannichheden.

Artsen sûnder grinzen is op dit stuit dwaande mei de oanlis fan in nij, minder primityf flechtlingekamp, mar oant dat it nije kamp klear is set Samantha har belangeleas yn foar de flechtlingen fan it kamp. Hielendal ûngefaarlik is dat net, want der binne gauris konflikten tusken minskesmokkelers. Samantha van Urk hâldt har ûnder oare dwaande mei it iten foar de flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)