Friezinne by drama Pukkelpop

19 aug 2011 - 17:48
  • Janneke Booi en har freon

Fiif deaden en tsientallen ferwûnen dat binne de tragyske gefolgen fan in heftige simmerstoarm by it Belgyske muzykfestival Pukkelpop. De wyn soarge derfoar dat ferskate tinten ynstoarten en beammen omfoelen.

De organisaasje hat freedtemoarn betiid it folsleine festival ôfblaasd. Janneke Booi, oarspronklik fan Houtigehage, wie der tongersdei by doe't de stoarm losgie. Sy hat in pear eangstige mominten meimakke, mar is net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)