Friezin ronde fierder by TVOH

01 okt 2011 - 12:27
  • Iris Kroes (foto www.thevoiceofholland.com)

Iris Kroes fan Drachten hat in plakje bemachtige yn de folgjende ronde fan it RTL4-programma The Voice of Holland. De 18-jierrige kommunikaasje-studinte song freed yn de live-útstjoering in nûmer fan de Britske sjongeres Adele. Dêrby begelate se harsels op de harp. De fjouwerkoppige sjuery wie tige entûsjast oer it optreden fan Kroes. Se hat Marco Borsato as coach keazen.

Sa'n 3,5 miljoen minsken ha freed nei The Voice of Holland sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)