Friezin op list Wilders

25 aug 2006 - 17:26

Helene Boot fan It Hearrenfean krijt in plakje op de list fan de Partij foar de Frijheid. Dat hat listlûker Geert Wilders freedtemiddei yn Amsterdam bekendmakke.

Boot siet oant begjin dit jier yn de gemeenteried fan It Hearrenfean foar de VVD, mar hat no de oerstap makke nei de nije rjochtse partij. Op hokker plakje Boot úteinliks komt wurdt pas heal septimber bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)