Friezen yn ramptrein Harmelen

07 jan 2012 - 15:36

De grutste treinramp yn Nederlân is snein fyftich jier ferlyn. Doe kamen by in botsing by Harmelen yn de mist 93 minsken om. De trein fan Ljouwert nei Rotterdam botste op in stoptrein. Fyftich minsken rekken swier ferwûne. Ta neitins oan de ramp ûntbleatet Pieter van Vollenhove snein in monumint.

De doe 17-jierrige Lume Hoogerhuis fan Frjentsjer siet yn de trein út Ljouwert. Him mankearre neat. It iennige dat er dwaan koe, wie deadsbenaude minsken dy't fêstsieten yn it ferbûgde stiel moed ynsprekke. Sjoch nei in reportaazje...

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)