Friezen yn Olympia's Tour

21 maaie 2006 - 12:28

Marcel Beima en Folkert de Haan ferspilen sneon yn de 7e etappe fan Olympia's Tour in pear minuten. De rit fan Nuenen nei Buchten waard wûn troch de Sloveen Borut Bozic. It wie al wer syn tredde oerwinning.

Yn it algemien klassemint stiet Beima no op it 14e plak mei in achterstân fan goed fjouwer en in heale minút op lieder Tom Veelers. De Haan is 16e. Snein is de keninginnerit oer 205 kilometer yn Súd-Limburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)