Friezen yn noed oer soarch

19 sep 2014 - 11:18

Trijekwart fan de Friezen makket him soargen oer de oansteande feroarings yn de soarch. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Frysk boargerpennel fan Partoer. 57% fan de dielnimmers oan it ûndersyk fynt it net goed dat boargers yn de takomst minder in berop dwaan kinne op de oerheid. De measte dielnimmers binne ree om buorlju, famylje of freonen te helpen, as dat nedich is, mar se sjogge gjin kâns om soks struktureel te dwaan.

Ek jouwe de measte dielnimmers oan dat se it lestich fine om sels help te freegjen, as dat nedich is.

Friezen fine dat minsken de frijheid hawwe moatte om al as net har sosjale netwurk yn te setten as se soarch nedich hawwe. Soks moat frijwillich bliuwe en net oplein wurde, is 82% fan de Friezen fan betinken. Benammen minsken yn de leeftyd fan 55 oant 65 jier binne warber as mantelsoarger. Sy sette harren benammen yn foar help oan de eigen âlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)