Friezen yn finale Llarques

11 nov 2008 - 21:18
  • Johan van der Meulen (foto knkb.nl)

De Friezen op it WK keatsen yn Ekwador hawwe harren tiisdei pleatst foar de finaleronde fan de spulsoart Llarques. Dat is it spul dêr't se yn it foar ek it meast op ynsetten hawwe. De finale waard berikt troch te winnen fan Meksiko en Uruguay. Beide lannen waarden mei 6-0 oprôle.

Der sitte fjouwer ploegen yn de finaleronde dy't woansdei ferkeatst wurde sil. Nederlân moat it yn de finaleronde ûnder oare opnimme tsjin België.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)