Friezen wolle wer ûndernimme

05 nov 2005 - 16:11

In rekord tal Friezen begjint dit jier in eigen ûndernimming. Dat ferwachtet direkteur Eric Jansen fan de Fryske Keamer fan Keaphannel.

Yn 2004 binne goed 2200 Friezen in eigen bedriuw begûn. Dit jier binne dat der oan't no ta al 2100. De sifers litte neffens Jansen sjen dat minsken wer betrouwen ha yn de ekonomy. Sneon waard by de Keamer fan Keaphannel wer de jierlikse Startersdei hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)