Friezen wolle Swarte Pyt net kwyt

03 des 2015 - 15:28
  • Swarte Pyt moat swart bliuwe

In mearderheid fan de Friezen fynt noch altiten dat Swarte Pyt swart bliuwe moat. Dat docht bliken út in enkête fan EenVandaag ûnder 1114 Friezen. 83 persint fan har is it iens mei de stelling dat it uterlik fan Swarte Pyt net feroare wurde moat. Alve persint fynt fan wol, de rest wit it net of hat der gjin miening oer.

EenVandaag hat de minsken ek noch frege oft se har foarstelle kinne dat minsken yn it bûtenlân problemen ha mei it uterlik fan Swarte Pyt. Dêrop seit 73 persint dat se dat net begripe.

Lanlik sjoen fynt gemiddeld trije kwart fan de minsken dat Swarte Pyt bliuwe moat sa't er is.
 

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)