Friezen wiis mei Beatrix

31 jan 2012 - 09:40

Acht op de tsien Friezen jout oan bertrouwen te hawwen yn Keninginne Beatrix. Se jouwe de keninginne in 7,7 as rapportsifer. Kroanprins Willem Alexander krijt mei 6,8 in leger sifer. Fan de Friezen hat 72 % betrouwen yn him. Máxima krijt in 7,3. Wat opfalt is dat Máxima it populêrst is, wylst Willem-Alexander op it fyfde plak einiget, noch achter prinsesse Margriet.

Fjouwer op de tsien Friezen sjocht it leafst Beatrix op de troan.

Mar 6 prosint fan it regiopanel fan EenVandaag en Omrop Fryslân ferwachtet dat Keninginne Beatrix noch dit jier ôftrede sil. Keninginne Beatrix wurdt tiisdei 74 jier en is al in skoftke de âldst regearende yn de skiednis fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)