Friezen wenje net yn fakânsjehûs

20 jul 2004 - 16:57

It ministearje fan R.O. wol dat alle gemeenten in ynventarisaasje meitsje fan minsken dy't it hiele jier troch yn har rekreaasjehûs wenje. Yn Nederlân hat noch mar in tredde part dat dien.

Yn Fryslân lykje de gemeenten goed mei te wurkjen. De measten ha al útsocht hoe't it by har sit. Oer it algemien wenje hjir net folle minsken permanint yn har fakânsjehûs. Gemeenten meie trouwens sels bepale oft se permaninte bewenning tastean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)