Friezen út Dakar-rally

12 jan 2009 - 19:17
  • De auto fan Van Mourik en Booij rekke te swier skansearre om fierder te kinnen
  • Marcel Schoo koe mei twa brutsen ribben net fierder

Rallyriders Gerrit_van-Mourik en Henk Booij fan Wolvegea binne moandei definityf út de Dakar-rally rekke. Snein wie harren BMW swier skansearre rekke en it is dus net slagge om de auto wer oan ´e start te krijen.

Troch de crash wie it basisframe fan de auto ûntset rekke. De crash waard feroarsake troch in oare dielnimmer dy´t ferdwaald wie en frontaal op de BMW fan Van_Mourik en Booij botst. Marcel Schoo wie mei brutsen ribben earder al útfallen. Hy is al wer thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)