Friezen ûnderskeppe fleantúchje

30 maaie 2005 - 17:33

It Ingelske fleantúchje dat snein ûnderskept waard boppe Twente, is oanhâlden troch twa F16's fan de fleanbasis Ljouwert. It fleantúchje hie him net op tiid meld by de loftferkearslieding.

Sûnt 1 jannewaris ha F16's fan de Ljouwerter fleanbasis de bewaking fan it Nederlânse loftrom op har naam. Dy taak fiere se tydlik út fanôf de fleanbasis Twente, omdat de basis yn Ljouwert opknapt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)