Friezen twad op WK gersbaan

24 aug 2014 - 14:40
  • Jannick de Jong

It WK gersbaan racen foar it lanneteam op de langbaan is wûn troch Dútslân. It team fan Nederlân koe de titel net prolongearje yn it Finske Forssa. Se kamen 3 punten tekoart. Yn it team sitte de Friezen Jannick de Jong, Dirk Fabriek, Theo Pijper en Henry van der Steen. Foarich jier wûnen se noch yn it Ingelske Springfield. It wie in spannende striid. Nederlân, Frankryk en Finlân hellen alle trije 41 punten, mar fia in runoff waard úteinlik Nederlân twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)