Friezen tsjin op lânsdiel

16 apr 2009 - 11:06
  • Friezen wolle mear foech foar Fryslân

Njoggentich persint fan de ynwenners fan Fryslân wol net dat de provinsje opgiet yn in Noardlik lânsdiel mei Grinslân en Drinte. In ûndersyk ûnder 1250 Friezen útfierd yn opdracht fan beweging deFriezen, wiist dat út.

Trijekwart fan de ûnderfregen wol mear foech foar Fryslân hawwe en 17 persint sjocht Fryslân wol sitten as apart lân yn it Keninkryk. In mearderheid fan de Friezen is tsjin op elke weryndieling. De beweging deFriezen is tige ynnaam mei de útkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)