Friezen tsjin km-heffing

22 apr 2010 - 17:05
  • Foto: Omrop Fryslân

In mearderheid fan 'e Friezen is op 'e kilometerheffing tsjin. Dat docht bliken út ûndersyk fan 'e hegeskoalle NHL. In protte Friezen tinke dat se mei de kilometerheffing opdraaie foar de problemen yn 'e Rânestêd. De heffing soe ek net liede ta minder gebrûk fan 'e auto. Dat hat benammen te krijen mei it feit dat it iepenbier ferfier op it plattelân net oeral goed regele is. Dêrom is in auto ûnmisber.

In fyfde diel fan 'e Friezen sjocht it nut fan 'e kilometerheffing wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)