Friezen te farren mei kening

04 jun 2013 - 21:19
  • Kening Willem-Alexander

De 50 Friezen dy op 14 juny mei kening Willem-Alexander en keningin Maxima fan Starum nei Enkhuzen farre meie, binne bekend. Kommissaris fan de Kening Jorritsma hat se tiisdei tasprutsen.

It giet om minsken út alle lagen fan de befolking. Sa is der in delegaasje fan frijwilligers, minsken út de bouwrâld, soarch en it ûnderwiis. Dêr binne ek ferneamde Friezen fan de partij, lykas Iris Kroes, Rients Gratama en Marit Bouwmeester. De kening wol ûnder syn besite oan Fryslân en Noard-Hollân op 14 juny graach mei gewoane minsken prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)