Friezen stimme foar Roemer

19 des 2011 - 18:26

Friezen fine dat Emile Roemer fan de SP de beste politikus fan 2011 is. Hy krige fan de goed 1400 Fryske stimmers de measte stimmen. Op it twadde plak stiet Jan Kees de Jager, tredde is minister-presidint Mark Rutte. De nûmers fjouwer en fiif binne Geert Wilders en Alexander Pechtold.

De enkête waard útfierd troch it programma Eén Vandaag. Der diene 37.000 minsken oan mei. Der is net folle fertrouwen yn it kabinet. De helte tinkt dat se de fjouwer jier net fol meitsje sille. It kabinet krijt gjin foldwaande as sifer. Se moatte it mei in 5,2 dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)