Friezen sammelje soad elektryske apparaten yn

29 apr 2015 - 13:04
  • Ek âlde kompjûters wurde safolle mooglik recycled
  • Der komme aanst stekken om de konteners te stean

Fryslân leveret mear elektryske apparaten en enerzjysunige lampen yn as oare provinsjes yn Nederlân. Yn 2014 leveren Friezen mar leafst 6 kilo de persoan yn. De Nederlânske trochsneed wie 4,6 kilo. De provinsje Seelân docht it noch wat better as Fryslân. De stifting Wecycle organisearret it ynsammeljen fan elektryske apparaten yn oparbeidzjen mei de gemeenten.

Mei-inoar sammele Wecycle 111 miljoen kilo oan apparaten. Se wolle de grûnstoffen fan de apparaten wer brûke en skealike stoffen sa folle mooglik ferwiderje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)