Friezen rouwe om slachtoffers

18 jul 2014 - 16:05

Rûnom yn Fryslân wurdt roud om slachtoffers fan de fleanramp. In spiler fan it earste alvetal fan fuotbalklup FVC út Ljouwert is by de fleantúchramp yn Oekraïne syn heit, styfmem en suske ferlern. Op de webside fan de fuotbalklup hat it bestjoer harren meilibjen betsjûge. De omkommen famylje wenne flakby Amsterdam.

Ek in jonge út Damwâld, dy't al jierren yn Australië wennet, siet yn it fleantúch. Hy reizige mei syn Maleizise freondinne. Yn Ljouwert wurdt roud om twa minsken dy't ferline wike troud binne. Sy soenen op houliksreis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)