Friezen ride net hurder as oars

28 jan 2004 - 00:00

De Fryske plysje skreau yn 2003 sawat likefolle boetes foar te hurd riden út as yn 2002. Dat makket it ROF bekend. Fryslân wykt dêryn ôf fan de rest fan it lân. Lanlik is it tal boetes yn 2003 mei 10% tanommen neffens it Centraal Justitieel Incasso Buro (CJIB).

Yn Fryslân falle de measte bekeurings bûten de beboude kûm en dêr docht it projekt Fryske Diken fertuten. Lanlik wurdt it measte bekeurd yn stêden en doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)