Friezen pleatse 28.000 sinnepanielen by Veendam

23 jun 2015 - 15:07
  • Sinnepanielen

It Dokkumer bedriuw PowerField sil by Veendam in sinnepark bouwe fan 28.000 sinnepanielen. Dy komme op interrein fan mear as 10 hektare by it bedriuw Avebe. It Dokkumer bedriuw sil de grûn foar 15 oant 20 jier pachte. It park moat elk jier sa'n sân megawatt oan enerzjy opsmite.

PowerField wol yn 2016 mei de bou fan it park begjinne. It bedriuw hat foar hûnderten megawatts oan projekten yn portefúlje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)