Friezen by pardon-manifestaasje

05 nov 2006 - 12:07

Tusken de 400 en 500 Friezen ha sneon nei Den Haach west foar de lanlike manifestaasje foar in humaner asylbelied. Dy manifestaasje waard holden op Het Plein yn Den Haach. Mei inoar wiene der sawat 5000 minsken.

Artysten, bekende Nederlanners, politisy en flechtlingen woene foar de ferkiezings noch ien kear in oprop dwaan foar in generaal pardon. Soks soe jilde moatte foar asylsikers dy't al lang yn Nederlân wenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)