Friezen oppakt foar escortburo

07 feb 2014 - 11:41
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

Twa Friezen binne earder dizze wike yn Westerveld yn Drinte oppakt omdat se in yllegaal escortburo hiene. It giet om in man (51) út Eaststellingwerf en in man (56) út Smellingerlân. Se wurde fertocht fan minskehannel. De manlju binne oanhâlden by in ynfal yn twa rekreaasjewenningen en in sjalet. Dêr wiene ûnder oaren trije Braziliaanske froulju en trije bern tusken de nul en trije jier.

De froulju moatte Nederlân ferlitte, sa lit de plysje witte. Se kamen it yllegale bedriuw op it spoar troch in tip fan de maresjesee.

Dy fûn by in kontrôle wurkjouwersferklearringen dy't troch in escortburo opmakke wiene. De website fan it buro is yntusken út de loft helle en de belestingtsjinst hat guod yn beslach nommen. De plysje ferwachtet noch mear minsken oan te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)