Friezen op Love Parade skokt

25 jul 2010 - 14:11
  • Yn en by dizze tunnel ûntstie sneontejûn panyk

De Fryske dielnimmers oan de Love Parade binne skokt troch it slimme ûngelok dat sneon op it evenemint barde. Hûnderten minsken rekken beknypt yn in tunnel dy't nei it festivalterrein rûn. Njoggentjin minsken kamen dêrby om it libben.

De Love Parade wie yn de Dútske stêd Duisburg. Neffens de Friezen dêr is dy stêd te lyts. De Friezen rieden foar it evenemint mei in frachtwein. Sy giene nei it ûngelok troch mei harren muzyk op fersyk fan de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)