Friezen op ekskurzje yn Ierlân

29 jan 2013 - 07:25
  • De Blackwater River ticht by it doarp Ballyhooly

Tsien Friezen út Easterbierrum, Wier en Jorwert binne de kommende dagen yn Ierlân op syk nei 'unike doarpsbylden' om sa te sjen hoe't sy hjir yn Fryslân harren doarp ek better profilearje kinne.

Se binne op besite yn de Ierske doarpen Ballyhooly, Castletownroche en Glanworth. Dizze Ierske doarpen lizze ek yn in saneamd krimpgebiet. De Ieren hawwe ek al yn Fryslân west om te sjen hoe't it hjir yn de lytse doarpen om en ta giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)