Friezen op Boot Düsseldorf

23 jan 2010 - 12:35

Op de boatebeurs Boot Düsseldorf is sneon de Fryske stand iepene. Dat die deputearre Jannewietske de Vries. Op de beurs wurdt alle jierren besocht om Dútske toeristen te ynteressearjen foar in fakânsje yn Fryslân. By de iepening wiene ek Dútske sjoernalisten útnoege. Ek oare Fryske eksposanten wiene by de iepening, krekt as fertsjintwurdigers fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme.

Boot Düsseldorf duorret oantemei nije wike snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)