Friezen oan board baarnend skip

08 maaie 2006 - 10:17

Trije Friezen ha benaude aventoeren belibbe oan board fan it cruiseskip Calypso. Yn it skip bruts sneon flak foar de kust fan Ingelân brân út yn de masinekeamer. De brân koe dwêste wurde troch de bemanning fan it skip.

Oan board wiene keunstner Doet Boersma fan Ljouwert en de familje Bos fan Drylts. Doet Boersma eksposearret oan board. By de evakuaasje binne in pear fan har skilderijen licht skansearre rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)