Friezen net op poadium Peize

29 jun 2014 - 17:36
  • De dielnimmers oan de start by it kritearium fan Peize

Coen Rijpma, Kevin Snijder, Teake Piet van der Werf, Ruben Hoekstra, Durk Fabriek en Andries Weening einigen snein yn Peize op de plakken fjouwer oant en mei njoggen. Se sieten allegearre yn de sterke kopgroep. De winst gong nei Paul de Haan út Meedhuizen, dy't yn de einsprint Johan Knol út Midwolde en Patrick van der Duin fan Nieuw-Roden foar wist te bliuwen.

Yn de iepeningsprolooch oer 1600 meter earder op de dei wie Rick Ottema fan Muntendam de rapste. Teake Piet van der Werf wie de bêste Fries op it fjirde plak. Fyfde waard Harry Sweering fan Snits, foar Menno Altena út Bûtenpost (6e) en Durk Fabriek fan Haulerwyk (7e). Björn Bakker waard tsiende.

It kritearium yn Peize is de earste wedstriid fan de Meardaachse fan it Noordenveld Westerkwartier. Moandei komme de hurdfytsers yn aksje yn Nieuw-Roden. Tiisdei wurdt der fytst yn Hoogkerk, woansdei yn Zevenhuizen, freed yn Marum, wêrnei't de finale sneontejûn yn De Wilp riden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)