Friezen nei WK toulûken

20 feb 2010 - 16:51

Yn Italië begjint nije wike it Indoor wrâldkampioenskip toulûken. Dêr dogge ek twa Fryske teams oan mei. Toulûkferiening It Heidenskip lûkt der spesjale skuon foar oan, dy't se út Taiwan helle ha en Deinum/Britsum set syn geheime wapen yn. Dat is in soal ûnder de skoech fan itselde materiaal as de matte dêr't de wedstriid op is.

Gewoane sportskuon binne nei in pear wedstriden al fersliten. Woansdei sette de ploegen ôf nei Italië. It WK is fan tongersdei oant en mei snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)