Friezen nei feest yn Den Haach

02 maaie 2005 - 17:56

In groep fan 140 ynwenners fan de gemeente Ljouwert hat sneontejûn yn Den Haach it feest bywenne fanwege it regearingsjubileum fan Keninginne Beatrix. Yn in tinte op it Malieveld waard in spesjale show jûn mei tal fan optredens en artysten.

Ien fan dy artysten wie sjongeres Nynke Laverman. Sij song de Fryske fado 'Dat waarme hert'. Albertine Soepboer hie in nije tekst skreaun op it nûmer 'Vida Triste'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)