Friezen nei demonstraasje A'dam

10 apr 2004 - 00:00

Goed 200 Friezen diene sneon mei oan de demonstraasje yn Amsterdam tsjin it útsetbelied fan it regear. Fjouwer bussen binne sneontemoarn ôfset nei Amsterdam. Neffens de plysje diene der yn totaal sawat 3000 minsken mei.

De demonstranten binne it der net mei iens dat 26.000 asylsikers de kommende trije jier it lân út moatte. Oan de aksje yn Amsterdam diene bekende Nederlanders mei, lykas cabaretier Vincent Bijlo en columnist Jan Mulder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)