Friezen negatyf oer effekt EU

22 maaie 2014 - 10:00
  • De Europeeske ferkiezings wurde hâlden op 22 maaie

In mearderheid fan de Friezen tinkt dat de Europeeske Uny in negatyf effekt hat op de Nederlânske ekonomy. Dat docht bliken út in ûndersyk fan EenVandaag en Omrop Fryslân. Fan de 1000 ûnderfrege Friezen tinkt hast de helte dat de bemuoienis fan de Europeeske Uny min útpakt foar ús ekonomy. Sa'n 60% fynt dat de uny ek oer minder saken wat te sizzen krije moat.

Wol mei fan in mearderheid fan de Friezen de Europeeske Uny grutter wurde en mei de euro bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)