Friezen nasjonale minderheid

02 des 2004 - 09:20

Friezen binne sûnt tiisdei de iennige nasjonale minderheid yn Nederlân. De Earste Keamer hat der trije jier oer dien, mar it Europeesk ferdrach dat minderheden beskermt en ekstra rjochten jout, telt no ek yn Nederlân.

Ferskate partijen woene ek Turken en Marokkanen erkenne. Dat is net trochgongen, al mient it CDA dat Friezen net altyd de iennige nasjonale minderheid bliuwe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)