'Friezen moatte mear kleie'

19 okt 2012 - 14:12

Friezen moatte mear kleie oer problemen dy't se ha mei de oerheid. Dat seit de Nasjonale Ombudsman dy't dit wykein mei in bus troch Fryslân reizget. Ut sifers docht bliken dat it tal reaksjes dat Alex Brenninkmeijer út Fryslân krijt navenant lyts is.

De ombudsman is de kommende tiid faker yn Fryslân om mear bekendheid te krijen. Njonken Ljouwert, komt er ek yn Harns en op It Hearrenfean. Minsken mei klachten kinne nei de bus ta gean om it probleem oan de ombudsman foar te lizzen. Dit jier is it tal klachten by de Ombudsman mei 25 % tanaam.

Allinnich it tal reaksjes út Fryslân is yn ferhâlding lyts. Brenninkmeijer hat dêrom in spesjale promoasjetoer pland troch de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)