Friezen moatte huzen keapje

08 apr 2009 - 22:47
  • Friezen moatte wer hûzen keapje

Der moat wer beweging komme yn de Fryske huzemerk. Om derfoar te soargjen dat Friezen wer huzen keapje, organiseart makelder Kamminga yn Ljouwert ein april in grutte feiling.

Mear as 60 wenningen komme yn ien middei ûnder de hammer fan in feilingmaster. Mei de feiling wol de makelder minsken stimulearje om in hûs te keapjen. De wenningen steane rûnom yn 'e provinsje te keap. It is de earste kear yn Nederlân dat der safolle huzen yn ien kear feild wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)