Friezen moatte har net ferbrekke

19 apr 2003 - 00:00

Friezen hoege har net te ferbrekken as se prate mei de Hollânsktalige provinsjegenoat. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de Ljouwerter krante dien hat foar de Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje (Afûk).

De Afûk bestiet dit jier 75 jier. Sa'n 400 minsken fan boppe de 18 jier binne ûnderfrege en 96 prosint jout oan it Frysk te ferstean. Fan de ûnderfrege minsken jout 68,2 prosint oan dat de Fryske taal foar har in soad betsjut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)