Friezen mishannelje Grinzer

12 aug 2014 - 10:07

Twa Ljouwerters fan 19 en 20 jier binne tiisdeitemoarn yn Grins oanhâlden omdat se in man út de stêd mishannele ha. In 27-jierrige Grinzer waard tiisdeitemoarn betiid wekker fan geraas yn de strjitte. Hy seach twa mannen dy't mei syn fyts oan it smiten wienen. Doe't er der wat fan sei, waard er slein en krige in kopstjit.

It duo naaide út nei it stasjon, mar is dêr oanhâlden. Se sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)