"Friezen mei in beheining sporte te min"

03 des 2015 - 12:27
  • Bern mei in beheining sporte op harren skoalle de Súdwester yn Snits

Yn Fryslân dogge te min minsken mei in beheining oan sport en beweging. Dat moat oars, fynt Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân. 

Fryslân rint achter

"Wy sjogge dat de groep minsken mei in beperking, oft dat no in ferstanlike of in lichaamlike beperking is, achter rint yn sportdielname", seit De Vries. Lanlik leit it persintaazje sporters mei in beheining op 14%. Yn Fryslân is dat mar 10%.

Plan 

De Vries en syn organisaasje hawwe yn gearwurking mei seis wethâlders in plan skreaun foar de provinsje om yn safolle mooglik gemeenten de kommende jierren it tal sporters mei in beheining nei it lanlik gemiddelde te tillen. Sport Fryslân stribbet dernei dat dit yn 2018 sa fier wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)