Friezen kritysk oer grappen

28 apr 2012 - 10:38
  • Logo Tumba

Hast de helte fan de Friezen laket mei as der in seksistyske grap makke wurdt. Dat docht bliken út ûndersyk fan Tûmba. Friezen laitsje it minst mei as der in rasistyske grap makke wurdt: 23 prosint laket dan.

Fjouwer op de tsien Friezen fine dat der in kampanje op skoalle komme moat om it skelwurd 'homo' út te bannen. In kwart fan de minsken fynt dat net nedich. Sy sizze dat it in moadewurd is dat fansels troch wat oars ferfongen wurde sil.

Tûmba is fan doel om yn 2013 in nachtlike kuier te organisearjen foar respekt en frijheid. De tocht, mei de namme SWALK, sil by ferskate histoaryske en aktuele plakken delgean dy't mei it tema te krijen hawwe. Ek is it de bedoeling om muzyk te meitsjen en te sjongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)