Friezen komme werom út Nepal

28 apr 2015 - 07:21
  • Friezen komme werom út Nepal

De Fryske bestjoersleden fan in ûntwikkelingsprojekt yn Nepal komme tiisdei werom yn Nederlân. It giet om minsken fan de stifting Studenten en Musaharprojekt Nepal, dat as doel hat kânsearme bern studeare te litten. De bestjoersleden wiene op it momint fan de ierdbeving yn de haadstêd Kathmandu. Se binne net ferwûne rekke, mar ha wol in pear dagen op strjitte slept yn ferbân mei de neiskokken. De stifting wol no jild ynsammelje foar it troffen gebiet, sadat de studinten dy't stipe krije fan de stifting sa gau as mooglik de tried oppakke kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)