Friezen knappe skip út 1877 op

09 aug 2014 - 16:12
  • It skip út 1877 leit yn de haven fan Den Helder

Yn de monumintale haven fan Den Helder is in groep Friezen dwaande mei de restauraasje fan in hiel bysûnder skip. It giet om in âld marineskip út 1877 dat op stoom fear, mar ek gewoan sile koe.

It is it lêste noch besteande silende skip fan de marine. De Friezen binne benammen ynhierd om it dek op te knappen mei himp. Sa moatte hûnderten meters op âlderwetske wize wetterticht makke wurde. Nei't de himp yn de naden oanbrocht is, wurdt der in laach hite pik oerhinne smard.

Yn gearwurking mei ûnder oaren Scheeps Reparatie Friesland wurdt der al in pear moanne oan de restauraasje wurke. It skip wurdt opknapt mei jild fan de provinsje Noard-Hollân en it Waadfûns. Uteinlik moat it skip in museum wurde. Ein 2015 moat it skip folslein klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)