Friezen klear foar ynhuldiging

18 apr 2013 - 19:45
  • De groep Friezen dy't nei Amsterdam giet foar de ynhuldiging.

In soad fariaasje ûnder de groep Friezen dy't op 30 april nei de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander yn Amsterdam mei. De âldste is yn de santich, de jongste is tsien. Alle Fryske gemeenten mochten ien ynwenner kieze. Dêrneist binne ek noch ekstra kandidaten oanwiisd.

De lêste trije plakken binne foar Joop Mulder fan Oerol, Jan Tichelaar fan it ierdewurkfabryk yn Makkum en turner Epke Zonderland. De trije Friezen binne persoanlik troch de kommissaris fan de Keninginne útsocht. Sy falle bûten de 1-per-gemeente-regeling.

Tongersdei binne de lokkige Friezen mei-elkoar yn de kunde kommen yn it Provinsjehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)