Friezen keatse op syn Belgysk yn Easterlittens

23 jun 2015 - 07:50
  • Bylden fan ferline jier

Foar de 17e kear is moandei it Frysk kampioenskip Jeu de Pilote yn Easterlittens begongen. Dit is de Belgyske fariant fan it keatsen. Troch in rekonstruksje fan de N384 is de belangrykste tagongsdyk fan it doarp ticht foar it ferkear, mar by de start fan it kampioenskip soarge dat net foar grutte problemen.

Mantgum wûn fan Lollum/Waaksens mei 8-2. Jorwert wûn yn in partij fan in oere úteinlik fan Dronryp mei 7-6. En Ljouwert wie mei 8-4 te sterk foar Easterein. Tiisdeitejûn om 18.30 oere begjint de twadde dei fan it kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)