Friezen Hollanners de baas

03 jul 2010 - 17:58

De jierlikse fierljeptwakamp tusken Fryslân en Hollân is sneon wûn troch Fryslân. Yn it Súdhollânske Vlist wûnen de Friezen mei in ferskil fan fjouwer meter en ien sintimeter. Troch it reinige waar koe mar twa yn stee fan fjouwer kear sprongen wurde.

De Friezen wûnen by de jonges en de senioaren, de Hollanners by de froulju en de junioaren. De deisprong kaam op namme fan Ysbrand Galama, mar syn 19,42 meter waard net meirekkene omdat it syn tredde sprong wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)